Bekerwedstriid UNIS Flyers giet net troch

06 jan 2016 - 11:57

De bekerwedstriid fan de UNIS Flyers tsjin Nijmegen giet woansdeitejûn net troch. De wedstriid is mei in wike útsteld. It is foar spilers en supporters net feilich om nei It Hearrenfean te kommen, wêrnei't it bestjoer fan de Flyers besletten hat om de wedstriid út te stellen.

De wedstriid fan freed yn Nijmegen giet wol gewoan troch. Dat betsjut dat de Flyers freed earst útspylje en dat woansdei 13 jannewaris de return yn Thialf is.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)