Skoallen Piter Jelles en Comenius woansdei ticht

05 jan 2016 - 21:45

De skoallen fan Piter Jelles yn Ljouwert, Dokkum, Kollum en Sint Anne bliuwe fanwege it minne waar woansdei opnij de hiele dei ticht. De direksje hat dit besletten fanwege de delslach yn de foarm fan izel fan tiisdeitejûn. Dy delslach sil nachts opfrieze en woansdeitemoarn foar gefaarlike situaasjes soargje, ferwachtet de skoallieding.

Ek Comenius, it Dockinga kolleezje en kristlik gymnasium Beyers Naudé besleaten tiisdeitejûn dat alle skoallen woansdei ticht bliuwe fanwege de feilichheid fan learlingen en meiwurkers.

Woansdei oan de ein fan de dei besjogge de skoallen hoe't it tongersdei komt. De skoallen hiene earder al besletten om de earste lesoeren ferfalle te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)