Nije oanpak earmoed troch gemeente Súdwest-Fryslân

05 jan 2016 - 20:26

In nije oanpak moat der foar soargje dat de earmoed yn Súdwest-Fryslan better bestriden wurdt. Yn it nije belied wurdt ynset op it tsjingean fan earmoed by alle leeftiden. Sa komme der lesprogramma's foar bassisskoallen en wurdt besjoen oft der in kleanbank komme kin.

Ut ûndersyk fan de gemeente docht bliken dat in pear hûndert minsken sa slim yn de skulden sitte dat se der net mear út komme kinne. Ek is in grutte groep neffens de gemeente noch bûten byld.

De gemeente wol yn oparbeidzjen mei maatskiplike organisaasjes en banken besykje om safolle mooglik minsken te helpen. Wethâlder Stella van Gent wol mei de nije oanpak begjinne op de skoallen. Om de nije oanpak foarinoar te krijen wol Van Gent ûnder oare in berop dwaan op erfaringssaakkundigen yn de foarm fan minsken dy't sels yn de skulden sitten hawwe. Ferskate fan sokke saakkundigen hawwe harren al by de gemeente meld, mar neffens Van Gent is der ferlet fan mear minsken dy't helpe wolle.

Trefwurden: 
earmoed Súdwest-Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)