"Sitewaasje op de dyk is soarchlik"

De Ferkearsynformaasjetsjinst neamt de sitewaasje op de dyk woansdeitemoarn soarchlik. Dat sizze se nei oanlieding fan de nijste waarmodellen. Der wurdt ek woansdei wer izel ferwachte.
Op de A7 by Drachten ha de helptsjinsten it tiisdeitejûn drok mei ferskate ûngelokken. Sa is der in frachtauto yn de fangrail bedarre en ferskate auto's binne fan de dyk rekke. De brânwachtkorpsen fan Drachten en Beetstersweach binne te plak, en ek minsken fan de plysje, ambulânse, bergingstsjinsten en Rykswettersteat.
De izel ferrifelet in protte autobestjoerders. De A7 tusken It Hearrenfean en Drachten wurdt troch weibrûkers omskreaun as 'in glydbaan'. Ek op de A32 by Haskerdiken is in frachtauto fan de dyk rekke.
De plysje neamt de A7 op twitter sels ek 'spekglad'. Neffens plysjewurdfierder Paul Heidanus binne tiisdeitejûn alle grutte autodiken yn it noarden 'sjippeglêd'. Hy warskôget de minsken om net de dyk op te gean as it net echt nedich is.
Neffens in tsjûge soene der mei-inoar wol sa'n fyftjin ûngelokken wêze op de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten. De plysje befêstiget dat ferskate auto's fan de dyk rekke binne, mar kin noch net in krekt oantal neame.
De Ferkearsynformaasjetsjinst telde tiisdeitejûn tusken kertier foar sânen en sân oere yn in kertier tiid al acht ûngelokken op ferskate lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. It KNMI joech earder al de koade oranje ôf, in warskôging foar ekstreem waar.
Wa't noch de dyk op giet, moat hiel foarsichtich wêze. Rykswettersteat hie net ferwachte dat it tiisdeitejûn op 'e nij izelje soe. Alle struiweinen binne de dyk op. De diken binne sjippeglêd, mar sjauffeurs ha dêr ûnderfining mei, seit wurdfierder Ryan Lievaart fan Rykswettersteat. Neffens him is der noch hieltyd sprake fan in gefaarlike situaasje.