Kollum: "Izel"

05 jan 2016 - 19:00

Karen Bies is sûnt 1993 ferslachjouwer en presintator foar Omrop Fryslân by it nijs en radioprogramma’s as De koperen tún, Omnium en Buro de Vries. Fan 2012 ôf presintearret se it nijs op TV yn Hjoed. Karen skriuwt kollums foar it kultureel tydskrift De Moanne en se is te folgjen op Twitter.

"Noch mar in wike ferlyn rûnen we de krystkuier, by fjirtjin graden mei it swit op de rêch, dronken we op it terras in kâld pilske yn stee fan waarme poeiermolke. In wike lyn hie de sering al knoppen, hearde ik samar in lyster, sloech ik op de sliepkeamer de earste neef dea. De natuer hie gjin tiid foar wintersliep, barste al út yn maitiidssjongen. Mar no moat se efkes in knipperke dwaan. It is fiif jannewaris en it izelet. De sering is bedutsen mei in dikke laach iis. De fûgels binne stil en de tûken hingje op knappen.

Hjoed ha minsken de redens ûnderbûn en ride se oer de klinkerts, bern slydzje oer de ferkearsdrompels. Myn auto hie ik justerjûn út foarsoarch goed ynpakt, sadat ik der fan 'e moarn sa ynstappe koe en nei myn wurk ta. Mar dêr haw ik my op fersjoen. Ik kom wol yn de auto en hy wol ek wol starte, mar de tsjillen draaie troch. It parkearplak is ien grutte spegel fan iis.

Ik hear op de radio dat it KNMI opskaald hat fan koade oranje nei koade read. Rykswettersteat advisearret elkenien om nét de dyk op te gean ‘as it net hoecht’ en kollega Jacob Stelwagen drukt my op it hert om foaral thús te bliuwen en nei de radio te lústerjen, foar de lêste stân fan saken. Dat doch ik dan mar, yntusken ek it nijs folgjend op twitter. As ik de bern fertel dat de skoalle hjoed ticht is, dûnsje se troch de keamer. Ik rop ‘Stil!’ as Piet Paulusma derfoar komt.

In dei ûnferwachts frij is hearlik, mar de doar net útkinne, dêr wurd ik hiel ûngeduerich fan. Ik krij oanstriid ta hamsterjen. Ha wy wol genôch iten yn ‘e hûs? Ik fyn de restanten fan myn krystpakket: pasta, sopstengels, sjips en noch in stik as fiif oare fariaasjes op moal. Fierders in pak kofje, ketchup en trije flessen wyn. Dat moat te dwaan wêze. En oars kinne wy altyd noch de bern opite. Alhoewol, dêr hast net lang klúf oan.

Nee, dan de sniewinter fan ’79. Dát wie pas ôfsjen. Wy seagen ús mem in wike net, omdat se net thúskomme koe fan har wurk. Wy moasten rys mei niks ite, en âlde bôle mei in hiel lyts bytsje beskimmele hagelslach. Yn in tsjetteltsje op ‘e kachel raanden wy de snie foar wat slokjes drinkwetter. Fierders bleaune wy waarm by Radio Fryslân, dy stie de hiele dei oan. En wy doarden doe écht net troch Eelke Lok hinne te praten, dy’t fertelde dat de gimmestyk yn Raard net trochgong omdat de juf mei har auto ynsnijd wie. De stim fan Gryt van Duinen frege minsken om in plestik pûde oan de doar te hingjen, as se help nedich hiene. Ja, dy mienskipssin doe, kom dêr nó nochris om.

De bern leauwe it wol. Sy gean nei bûten, want dêr bart it hjoed. Glydzje, slydzje. Wintersport sûnder keunstiisbanen of sniekanonnen. Puer natuer. Yntusken ha’k op twitter al hiel wat grappige filmkes besjoen fan lju dy’t  koartebaanwedstriden hâlde op it skoalplein of harsels in harsenskodding falle. Ik ha myn nocht. Ik wol oan it wurk. Nijs bringe, ynformaasje jaan oer ‘de lêste stân fan saken’. Mar foaral: meidwaan. Mei altyd de radio oan, dy’t net allinnich yn dy kâlde sniewinter de measte waarmte joech, mar no nóch.

Sa gau it efkes begjint te teien, krij ik de auto fan syn plak en set ik ‘m oan de trochgeande dyk. Want aanst komt de izel werom, hat Piet sein. Ik pak myn tas, foar it gefal ik in nachtsje yn Ljouwert oerbliuwe moat. Plus de sjips, in flesse wyn en in koarketrekker. Ik kin fuort. De autoradio giet oan. Waarmte yn tiden fan izel." 

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Karen Bies
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)