Earste boaten fan It Amelân en Skiermûntseach ferfalle

© Omrop Frylân, Auke Zeldenrust
Yn ferbân mei de ekstreme waarsomstannichheden hat Rederij Wagenborg besletten om de betide ôffearten fan en nei de eilannen It Amelân en Skiermûntseach ferfalle te litten. It giet, om krekt te wêzen, om de boat fan 06.30 oere fan It Amelân nei Holwert en om de boat dy't om deselde tiid fan Lauwerseach nei Skiermûntseach fart.
Ek de ôffearten om 07.30 oere fan Holwert nei It Amelân en dy fan Skiermûntseach nei Lauwerseach ferfalle.