Piet Paulusma ferlinget kontrakt mei SBS

05 jan 2016 - 16:56

Waarman Piet Paulusma mei nochris fjouwer jier oan de slach by TV-stjoerder SBS. Tiisdei ûndertekene hy it nije kontrakt. De oerienkomst betsjut dat 'Oant moarn' noch lang net foar it lêst sein is op de Nederlânske telefyzje. Paulusma is al hast tweintich jier aktyf foar SBS. Dat der nochris fjouwer jier by komt fynt de Fryske waarman net ferkeard.

It foel net ta foar Paulusma om tiisdei tiid frij te meitsjen foar it tekenjen fan it kontrakt, want in izeldei is foar de waarman in tropedei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)