Topdrokte foar ambulânsegroep Kijlstra

05 jan 2016 - 15:19

By Kijlstra Ambulânsegroep Fryslân hawwe se it troch de glêdens folle drokker as oars. Tiisdeitemoarn wie de start dreech, omdat de meiwurkers letter op it wurk kamen. De nachtploech hat dat opheind. Der wiene gjin grutte ûngelokken, mar it personiel moast wol in soad slachtoffers fan falpartijen helpe.

Foar de meiwurkers binne de omstannichheden swier. De oanrydtiden binne langer as oars. Benammen de glêde diken en stoepen yn wenwiken meitsje it wurk fan de ambulânsemeiwurkers lestich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)