Measte bussen ride wer, de Qliners bliuwe noch op stâl

05 jan 2016 - 14:00

Yn Ljouwert ride der yntusken wer bussen, mar de Qliners nei ûnder oare Drachten en Grins ride noch hieltyd net. De ferfierder hâldt dizze bussen binnen. Tiisdeitemoarn binne der wol in tal bussen op 'en paad gien, mar al gau waard dúdlik dat it dochs te gefaarlik wie foar de bussjauffeurs en de passazjiers, sa seit Arriva. It treinferfier hat neffens de ferfierder net sa'n soad lêst hân fan de izel. Wol wie der op guon plakken fertraging.

Arriva wol elkenien op de hichte hâlde fia twitter. Dat gie fan 'e moarn earst efkes net goed, doe waard it twitterakkount fan de ferfierder blokkearre troch twitter om't der tefolle minsken tagelyk op de webside seagen. It probleem is yntusken wer ferholpen troch in needakkount en it opheffen fan de blokkade.

Trefwurden: 
Arriva bussen Qliners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)