Omrin leget gjin konteners, mar struit de diken wol

05 jan 2016 - 13:37

Offalferwurker Omrin komt tiisdei net del om it ôffal op te heljen, mar kommende sneon ride sy dy rûtes oer. De organisaasje is wol hiel drok mei de glêdheidsbestriding yn Ljouwert. De grutte diken binne no goed te brûken, mar de fytspaden bliuwt wol in probleem. Oan de ein fan de middei soe alles wer knap begeanber wêze moatte, mar dat hinget ek bot fan it waar ôf.

De ferwachting is dat de jûnsploech dy't no noch oan it bykommen is fan de ynset letter wer oan de bak moat.

Trefwurden: 
Omrin struie konteners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)