FNP Smellingerlân wol mear omtinken foar it Frysk

05 jan 2016 - 11:14

De FNP yn Smellingerlân wol dat it Frysk in dúdliker plak krijt yn it gemeentlike kultuerbelied. De gemeenteried behannelet tiisdeitejûn de kultuernotysje en neffens de FNP wurdt dêryn hielendal foarbygien oan it feit dat in grut part fan de ynwenners fan Smellingerlân it Frysk as memmetaal hat.

De partij fynt dat it kultuerbelied breder en better wurdt troch bewust omtinken te jaan oan it Frysk. De gemeente kin him dêrmei ek kultureel ûnderskiede en op de kaart sette.

Trefwurden: 
FNP kultuerbelied
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)