FIDEO: Fryslân is ien grutte iisbaan
De izel soarget foar in soad oerlêst, mar it ekstreme waar soarget ek foar winterwille. Want hoe faak meitsje wy it mei dat der reedriden wurde kin op 'e dyk? De Omrop krige rûnom út de provinsje filmkes fan reedridende minsken. We hawwe der in koarte kompilaasje fan makke, mar koene dêr fansels net alles yn kwyt.
Tige tank foar al jim ynstjoerings!