Molkriders kinne de boeren min berikke

05 jan 2016 - 09:12

De molkriders fan AB Texel binne wol op 'en paad, mar it is dreech om de pleatsen te berikken. Yn de nacht fan moandei en tiisdei hat der by Jelsum in tankwein fêststien, en ek in sleepbedriuw krige de molktank net wer yn beweging.

Yntusken binne alle weinen ûnderweis. De boeren hawwe de tanks fol, sadwaande moat der wol molke ophelle wurde. Boeren wurdt advisearre om yn elts gefal it tagongspaad iisfrij te meitsjen.

Trefwurden: 
molkriders molke boeren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)