Wa wol mei syn foto op de bus troch de provinsje toere?

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Elkenien dy't dat wol, kin mei syn foto op de bus komme. Dat is in aksje yn it kader fan de nije kampanje foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. De provinsje wol de kommende wiken 300 foto's meitsje fan bekende en ûnbekende Friezen. Dy komme dan op in soarte fan Makkumer tegeltsje op Fryske streekbussen te stean.
De bussen ride fan ein dit jier yn Súdeast-Fryslân, en op Flylân, It Amelân en Skylge. Under oaren Foppe de Haan, Syb van der Ploeg en Elske DeWall dogge mei oan it projekt.