Ferkear moat rekken hâlde mei reparaasje brêge Skûlenboarch

04 jan 2016 - 20:30

Rykswettersteat begjint dizze moanne mei it reparearjen fan de brêge Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal by Jistrum. Dêrtroch is de brêge fan woansdei 13 jannewaris ôf tsien nachten ticht foar it ferkear oer de dyk.

Fan moandei 25 jannewaris ôf wurdt der ek oerdeis wurke. Ferkear kin dan wol oer de brêge hinne, mar minsken moatte rekken hâlde mei in langere wachttiid. Trochdat de brêge yn 2014 oanfearn is, binne de oanlispeallen foar de brêge - de saneamde remmingswurken - skansearre.

It werstelwurk begjint no pas, omdat de nije ferbiningswei nei de brêge by Koatstertille net earder klear wie. Dêr moat it ferkear oerhinne as de brêge fan Skûlenboarch ticht is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)