Herinnerings oan de Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997

04 jan 2016 - 14:40

It is moandei 4 jannewaris wat winter, mar in Alvestêdetocht is fier fuort. Op 4 jannewaris 1997 gong it wol oan. De herinnerings binne der noch: de miste stimpelpost fan Piet Kleine en dêrtroch it missen fan it krúske. De sprint tusken Henk Angenent en Erik Hulzebosch en hoe't sprútsjekweker Henk Angenent de tocht wûn.

Yn it reedrydmuseum fan Hylpen lizze al dizze herinnerings. Sûnt 1997 hat de tocht noch wol in kear hiel tichtby west, mar it koe net. Neffens Gauke Bootsma fan it reedrydmuseum komt de tocht echt wol wer in kear.

Op de argyfside fan Omrop Fryslân, weromomrop.nl, is der ekstra omtinken foar de Alvestêdetocht fan 1997 mei bylden fan de tocht en de omballings. 

Trefwurden: 
Alvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)