Harlinger Belang stelt fragen oer útstjit dioksine by REC

De REC by Harns
Harlinger Belang hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan b. en w. oer de ferhege útstjit fan de ôffaloven yn Harns. By mjittings die bliken dat der yn oktober ferline jier folle mear dioksine út de REC kaam is as tastien is. Dit waard ein 2015 bekend.
Neffens de provinsje en de GGD hat dit net gefaarlik west foar de folkssûnens. Harlinger Belang wol witte wêrom net. De partij wol ek witte wannear't it dan wol it gefal is. Neffens ôffalferwurker Omrin komt de ferheging troch in steuring op 1 oktober.
Harlinger Belang wol witte wêrom't Omrin dat dan sels net melden hat. Op 20 jannewaris prate ried en kolleezje oer de REC.