Ekstreme glêdens: plysje advisearret thús te bliuwen

04 jan 2016 - 12:54

It KNMI jout foar moandeitejûn en de nacht fan moandei op tiisdei opnij koade oranje ôf. Dit is in warskôging foar ekstreem waar. Der is grutte kâns op glêdens op de diken troch snie en izel. Rykswettersteat warskôget foar tige gefaarlike ferkearsomstannichheden. Op guon plakken is de dyk no al glêd troch izel.

Neffens de VID ha der al ferkate ûngelokken west op de A32 yn de rjochting fan It Hearrenfean. De plysje advisearret minsken om net de dyk op te gean as dat net beslist needsaaklik is.

Wa't wol de dyk op giet, docht der goed oan om ôfstân te hâlden en stadich te riden. Yn de nacht fan snein op moandei wie der ek al izel op de diken. De temperatuer bleau moandei de hiele dei om it friespunt hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)