Natuermuseum lûkt rekôr oantal besikers yn 2015

04 jan 2016 - 11:22

Goed 96.000 minsken hawwe yn 2015 in besite brocht oan it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Dat is in rekôr yn it 93-jierrich bestean fan it museum. Fierwei de measte besikers, goed 60.000, kamen op de tentoanstelling Animal Inside Out ôf. Dêr wiene ek in soad skoalbern en studinten by. De ôfrûne jierren lei it tal besikers fan it Natuermuseum om de 60.000 hinne.

Moandeitemoarn betiid stie de earste frachtwein al klear om de bisten wer yn te laden. In grutte operaasje: ien foar ien waarden se yn kisten dien.

Guon bisten koenen amperoan troch de doar.

Neffens direkteur Gerk Koopmans hat it Natuermuseum sjen litten dat it suksesfol mei de 'grutte jonges' meidien hat. Koopmans slút wer sa'n grutte tentoanstelling yn Ljouwert dan ek net út. Mei de goed 96.000 besikers komt it Natuermuseum ek yn de buert fan it Fries Museum: dêr kamen ferline jier hast 98.000 minsken oer de flier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)