Kollum: "Op glêd iis"

04 jan 2016 - 08:37

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

Trije wike lyn skreau ik in kollum oer de strange regels op Thialf, wist noch? Fuortendaliks nei it foarlêzen fan it stik hjir op ‘e radio, krige ik in reaksje fan Pieter Balstra fan de iishockeyers fan de UNIS Flyers. Ik moast mar ris lânskomme, sei er, om te sjen hoe’t it ek kin. Dus ôfrûne sneontejûn sieten wy op de tribune by de Flyers. En it wie yn ien wurd geweldich.

Tafallich troffen wy in topwedstriid. De Flyers moasten it thús opnimme tsjin de nûmer ien: it Belgyske Herentals. It stadion siet dan ek sa goed as fol. Op de toanen fan knetterlûde muzyk kamen tweintich stoere keardels it iis op. Stik foar stik beamstammen mei skouders dêr’t Arnold Schwarzenegger ‘u’ tsjin sizze moat.

En tusken die knoeperds fan keardels rieden trije dochs frij lyts útfallen skiedsrjochters. Twa wiene noch aardich oan de maat, mar ientsje wie echt ieniemienie. Hy dûnse as in wiere ballerina oer it iis. Foarút, efterút, pootje over, in sierlik rûntsje. It wie suver fertederjend om nei te sjen.

Nei’t beide teams oan ús foarsteld wiene, koe de wedstriid los. Ik wie nei it folgjen fan it WK rugby wol wat wend wat tackels en bodychecks oanbelanget. Tocht ik. Mar dit gong der ek net bepaald sêftsinnich oan ta. Mei fyftich kilometer yn de oere ramden de hearen iishockeyers inoar by de boarding omheech. Snoeihurde sticks rekken sawol de puck as de skinen fan de tsjinstanner. En mei gefaar foar eigen libben dûkten de beide keepers op alles wat yn de buert fan harren goal kaam.

Tusken al dat geweld dûnse myn lytse swart-wite skiedsrjochterke as in sierlike Bambi oer it iis. Behindich hipte er oer libbensgefaarlike lânsfleanende pucks. Parmantich streke er achterstefoaren oer de baan, wylst er mei hannen en fuotten swaaide om dúdlik te meitsjen dat der in oertreding wie. En sa no en dan moast er meitsje dat er fuortkaam wannear’t der in leger fan breedskoudere beamstammen op him ôf kaam. Ien momint fan ûnoplettendheid en we hiene him as in swart-wite muorresticker wer fan de boarding ôfpeuterje kinnen.

Sittend op de tribune en koekeloerend nei myn sierlik dûnsjende skiedsrjochterke, wist ik samar ynienen wat der ûntbrekt by it langebaan reedriden. By de ISU brekke se harren al jierren de holle oer hoe’t se it reedriden wer wat oanlokliker meitsje kinne. Der binne sels al plannen om de 10 kilometer foar manlju dan mar te skrassen, want dat duorret fierstente lang. Datselde jildt foar de 5 kilometer by froulju. Ek in streek der troch. Reedriden moat rapper, spannender en hipper.

No, dan ha ik de oplossing. Set oeral wat fan dy goocheme skiedsrjochterkes op de baan. Ientsje by de bocht, dy’t wylst Sven Kramer der oandenderjen komt, op syn gemak noch efkes tusken dy reade blokjes troch giselet. Ientsje dy’t presys op it punt dêr’t Marrit Leenstra en Ireen Wüst inoar kruse moatten, in fleurich pirouetsje draait. En ta beslút in skiedsrjochterke dat op it saaie lange stik mei hannen en fuotten swaait om Jorrit Bergsma dúdlik te meitsjen wat syn rondetiid is. Gjin saaie rondebuorden mear fan Jillert Anema, mar live hints op it iis. Docht it altyd goed by it publyk.

Miskien bin ik no op glêd iis, mei dit revolusjonêre plan. Mar ien ding bin ik wis fan. It reedriden wurdt der in stik spannender en hipper fan.

Noflike moandei!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)