Minder fjoerwurkslachtoffers fallen dizze jierwiksel

Minske kleie oer de rommel dy't achterbliuwt © ANP
It tal fjoerwurkslachtoffers is dizze jierwiksel leger as ferline jier. Dat hawwe de NOS en Veiligheid.nl útsocht. Yn totaal moasten 17 minsken yn de fjouwer Fryske sikehuzen behannele wurde. Ferline jier wiene dit der noch 21.
Ek it tal minsken dat mei in alkoholfergiftiging opnaam wurde moast, is nei ûnderen gien. Ferline jier wiene dat der noch 15, en dizze jierwiksel mar 5. Ek lanlik is in dalende trend te sjen by it tal fjoerwurkslachtoffers. Wol binne der yn totaal mear drankmisbrûkers opnaam.