Shorttracker Breeuwsma pakt nasjonale titel op 1500 meter

02 jan 2016 - 17:57

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Akkrum hat sneon de nasjonale titel pakt op de 1500 meter by it NK shorttrack yn Amsterdam. Op de Jaap Edenbaan wist er syn grutste konkurrint Freek van der Wart foar te bliuwen. Dennis Visser fan De Lemmer waard tredde yn Amsterdam.

Lange tiid ried Breeuwsma yn de efterhoede, mar yn de lêste trije rûntsjes naaide er út. Troch in falpartij fan Adwin Snellink moast Van der Wart efkes ynhâlde, wêrtroch't Breeuwsma ienfâldich de winst pakke koe.

Op de 500 meter gong de winst wol nei Freek van der Wart. Breeuwsma waard fjirde. Nei de earste dei hat Van der Wart de lieding yn it klassemint, Breeuwsma is twadde, Visser fiifde.

Sjinkie Knegt kaam net yn aksje. Hy melde him earder op de dei ôf fanwege de gryp. Oft er snein wol yn aksje komt, wit er noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)