"Gratamapriis is opstekker foar hiele amateurmuzykwrâld"

02 jan 2016 - 16:56

De Gratamapriis 2015 moat sjoen wurde as in opstekker foar de hiele Fryske amateurmuzykwrâld. Dat fynt de winner fan de priis, dirigint Klaas van der Woude, fan Crescendo yn Drachten en de Bazuin fan Oentsjerk.

Hy krige de priis nijjiersdei foar syn fertsjinsten op it mêd fan de muzyk. Neffens Van der Woude hat de amateurmuzyk it dreech, ûnder oaren troch de grutte gemeentlike besunigings op it muzykûnderwiis, mar ek troch feroaringen yn de mienskip. 

"Minsken wolle har leaver net mear oan in feriening bine en de ferantwurdlikheid nimme om bepaalde taken op har te nimmen." Hoewol't Van der Woude sels profesjoneel mei de muzyk dwaande is, fielt hy him dochs bot ferbûn mei de amateurmuzyk. "Ik bin hiel wiis mei de priis, mar ik ha it net allinnich dien."

Priis

By de Gratama heart in skulptuer, mar ek in jildbedrach fan 2500 euro. Oer de bestimming dêrfan tinkt er noch nei: "Dêr moat ik it nochris mei de famylje oer ha, miskien gean wy wolris mei elkoar fuort. Mar miskien stek ik ek wol in diel yn in jeugdmuzykprojekt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)