Darten wurdt hieltyd populêrder yn Fryslân

02 jan 2016 - 13:10

Darten wurdt hieltyd populêrder yn Fryslân. It Fryske Dartbûn hat op it stuit 2000 leden, wylst dat twa jier ferlyn noch 1800 wie. It is opfallend dat der hieltyd mear Fryske dartleden komme, omdat it lanlik op itselde nivo hingjen bliuwt.

Neffens Mats Gies fan it Fryske Dartbûn komt dat omdat der rûnom yn de provinsje darte wurdt. De sport is benammen yn de kroegen populêr. Dat soarget foar in grut potinsjeel.

Op it stuit is it WK darts oan de gong en Nederlân docht it goed. Sneontejûn spylje Jelle Klaasen en Raymond van Barneveld de heale finales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)