Ljouwerter sit neaken yn de greide yn Miedum

02 jan 2016 - 12:13
Foto: ANP

De plysje fûn freedtejûn in 18-jierrige man út Ljouwert neaken yn in greide by Miedum. Hy wie yn de war en ûnderkuolle om't er yn in sleat sitten hie.

De man is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht foar ûndersyk. De famylje is op 'e hichte steld fan wat der bard is.

Trefwurden: 
Ljouwert greide Miedum neaken
(advertinsje)
(advertinsje)