Foarferkeap startbewizen Slachtemaraton rint goed

De ferkeap fan de startkaarten foar de Slachtemaraton giet hurd. De ferkeap foar freonen fan de stifting sette sneontemoarn om 6 oere útein en der binne al goed goed 2800 kaarten besteld. Dat seit Immie Jonkman fan de organisaasje fan de Slachtemaraton. De freonen meie maksimaal twa kaarten per persoan keapje.
Neffens Jonkman giet de ferkeap goed en wie it sneontemoarn drok. Ek besochten net-freonen oan kaarten te kommen, mar dy bestellingen wurde annulearre.
Takom wike sneon start de frije ferkeap fan de kaarten. Ek dy begjint om 6 oere moarns. Yn totaal binne der 13.500 startbewizen foar de Slachtemaraton beskikber.
Ferline jier wienen de kaartsjes binnen in oere útferkocht.