Kollum: "Foarsizzing"

De Toan fan Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 
Eelke Lok wie sneon siik. Dêrom is syn kollum hjirûnder allinnich yn tekst te lêzen.
"2 jannewaris. Dan sjoch je foarút. Dat kostet gjin inkelde muoite.
Smoke, aaisykje, deameitsjen fan guozzen en fjoerrwurk wurde yn 2016 allegearre ferbean. Dêrtsjinoer leveret de oerheid sels tenei soft drugs, prostituees en boanussen. Dat feroarsaket wat in wrak lykwicht yn de mienskip. It feiligensbedriuw Fred Teeven krijt dus de helte fan de befolking yn tsjinst om de oare helte yn ’e gaten te hâlden. It wurdt allegearre betelle út it ferkiezingsfûns fan de VVD, al witte se dat sels net.
Loek Hermans nimt ôfskied fan 36 funksjes. Hy wol skjin skip meitsje. Dan blykt dat hy noch 13 oare baantsjes hie, mar dat wie hy fergetten.
We krije ek ferkiezingen. Op 1 maaie hat Samsom trije kear roppen flechtling, flechtling, flechtling en al dy ynternasjonaal sjongende âlderein rôpen it him nei. Dat wie foar de VVD tefolle. By dy ferkiezingen krije 9 partijen elk tsien sitten. It is de ferwachting dat de formaasje duorje sil oant septimber 2018.
Kulturele haadstêd wikselet wer sân kear fan direkteur en krijt wer 17 nije meiwurkers. De skuld by provinsje en gemeente rint op nei 230 miljoen. Elke nije direkteur seit dat it wol goed komme sil.
Dantumadiel, Dongeradiel en sa beslute dat de weryndieling útstelle gjin doel hat, it moat allegearre 1 jannewaris 2017 klear wêze. Jorritsma seit nammentlik in buorrel ta en dat betsjut dat alle oare gemeenten ek weryndiele. Op 1 jannewaris 2017 ha we noch in stik as fjouwer, fiif grutte gemeenten. Inkeld Harns bestiet noch. Se hâlde dêr hoek, boargemaster Roel Sluiter hat him al yngroeven ûnder de Stiennen Man. Wy gean mei de nije tsjinst fan Haantjes fan Holwert oan See nei Skylge. Dat wurdt folboud mei 17 hege strânflats.
Der wurde no safolle gatten yn de Grinzer grûn slein, dat der in plan komt om dêr ierdbevingsbestindige wynmûnen yn te proppen. Kamp omearmet it plan, sa’t er earst ek tastien hat dat alle Grinzers nei Oekraïne ferhúzje.
De Olympyske Spelen gean gewoan troch. By ferskate oanslaggen dêre wurde 230 minsken dea makke. De Telegraaf hat it lykwols inkeld oer dat Epke Zonderland mis grypt en de tribune ynfljocht. Dan gean Jorritsma en deputearre Poepjes wer nei hûs, en ferjitte de nije Olympyske kampioene Marrit Bouwmeester. Dat is it ferhaal yn de lêste Ljouwerter, dy hat noch trije abonnees en moat him oerjaan.
Albanië hat it Europeesk fuotbalkampioenskip ynienen net oan tiid, it wurdt fan fjouwer kanten troch fyftjin ferskillende groepearringen oanfallen. Nederlân falt yn, want alle Nederlânske fuotballers sitte op de Kanaryske eilannen, dy bin samar by elkoar swile. Foppe de Haan makket Nederlân Europees kampioen nei in 5-0 oerwinning yn de finale op België, der’t van Gaal en Hiddink tegearre de lêste wiken coach wiene. By de rûnfeart om it kampioenskip te fieren wurde mar fjouwer minsken deadrukt en binne der mar 126 ferwûnen. By it EK binne by oanslaggen al 642 lju om it libben kaam, dus dit falt ta.
Nederlân leit ek Fryslân op te wurkjen oan it klimaatakkoart. Dat betsjut dat alle kij nei Burgum moatte, want dy stjitte CO2 út. Ek de boeren dy’t de kij inkeld noch lekkerbekjes fuorje, ûntkomme der net oan.
Der is yn 2015 safolle wetter tefolle fallen, dat wittenskippers sizze dat as der yn 2016 ek safolle falt dat yn elk gefal heal Nederlân dan oerstreamd. It berjocht komt yn de kranten en op telefyzje, en dêrnei hearre we der neat mear oer. Oant it op 15 oktober begjint te waaien, sels de strontrace giet net troch, dan falt der wetter en hup it wetter stiet oan  Appelskea ta. De manlju dy't in sânsek op de Ofslútdyk lizze woene, ha se noch net wer fûn.
Tenei is it mooglik alle likwidaasjes yn de Arena te dwaan. Soks is sa lestich op strjitte. Tiisdeis sil de Arena dêr no foar frijmakke wurde. It wurdt de earste wiken wat besjoen, miskien is it ek wol mooglik om betelle publyk ta te litten.
Dan soe’k it no noch ha moatte oer Cambuur, Hearrenfean en de banken. Mar jild en fuotbal bin net te foarsizzen. Der is mar ien ding wis. Juster, 1 jannewaris 2016 waard it âldjierssjitten yn sa’n 30 lannen gewoan trochset. En 1 jannewaris 2017 sil dat net oars wêze."