Surhústerfean is klear foar wer in unike Sintrumcross

01 jan 2016 - 18:59

Surhústerfean is klear foar de 21ste edysje fan de jierlikse Sintrumcross. Der binne sneon trije starts: de amateurs en masters begjinne om healwei tolven, dêrnei komme de froulju om ien oere en ta beslút starte om healwei trijen de elite en beloften. Neffens foarsitter Albert Helfrich hat it evenemint alles om wer in unike cross te wurden mei grutte spesjalisten op it gebiet fan fjildriden en opfallende nammen, lykas Boy van Poppel en Lars Boom.

De rûte giet foar in grut part troch it sintrum fan Surhústerfean en is ûngefear itselde as oare jierren, mei de start en finish op De Kolk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)