Jorwerters wolle flechtlinge-famylje opfange yn doarpshûs

Ynwenners fan Jorwert wolle in flechtlinge-famylje opfange yn it doarpshûs. Dat plan is betocht troch in groepke froulju út it doarp. It doarpshûs ferliest hieltyd mear syn funksje. De froulju hope dat Ons Huis sa foar it doarp behâlden bliuwt en dat se sa ek in famylje helpe kinne. It hûs is al geskikt om yn te wenjen. Der sit al in keuken yn, twa toiletten en twa dûsen. Der hoege allinne noch sliepkeamers makke te wurden.
De wurkgroep sil no útsykje oft it ek echt mooglik is en wat der allegearre regele wurde moat. Op âldjiersdei ha de ynwenners al jild ophelle mei in eigen 'Ons Huis-aksje'. Dat hat in lytse 1.000 euro opsmiten.