Jan en Grietje Sijbesma útroppen ta Marsumer fan it jier

Jan en Grietje Sijbesma binne tongersdeitejûn útroppen ta Marsumer fan it jier 2015. Dat barde by de âldjiersoertinking yn de tsjerke fan Marsum. It stel hat him jierrenlang op ferskate wizen ynset foar it doarp. Jan Sijbesma hat 23 jier frijwilliger west by de brânwacht, siet yn de karnavalsferiening en wie diaken by de PKN tsjerke. Syn frou Grietje siet acht jier yn doarpsbelang, wie diaken en âlderling fan de PKN tsjerke en is no foarsitter fan de tsjerkeried fan Bitgum, Bitgummole, Ingelum en Marsum.
Jan en Grietje Sijbesma krigen fan de kommisje âldjiersoertinking de oarkonde Marsumer fan it jier en de fergulde biezem. Dy waarden foar de 23ste kear útrikt.