Crone neamt bedriging helpferlieners 'idioot'

01 jan 2016 - 13:59

'Idioot', sa neamt boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert op twitter de bedriging fan helpferlieners yn de ôfrûne nacht. Op meardere plakken yn Nederlân waarden helpferlieners bedrige. Yn Ljouwert wie dat it gefal by twa tafersjochhâlders, âldjiersjûn op de Nijstêd en -middeis oan it Ruterskertier.

Yn de tweet sprekt Crone syn tank út oan alle helpferlieners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)