Brân yn Ljouwert liket oanstutsen, tsjûgen socht

01 jan 2016 - 13:49

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in brân fan âldjiersnacht yn in wenhûs oan de Merelstrjitte yn Ljouwert. It fjoer waard om in oere of trije hinne ûntdutsen omdat it brânalarm ôfgie. De oproppen brânwacht konstatearre dat der nimmen mear yn it hûs wie, mar fûn ek trije plakken dêr't it fjoer ûntstien is.

Troch de brân ûntstie der in soad skea. De plysje docht ûndersyk nei de saak en ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)