Folle mear dielnimmers nijjiersdûken
Nijjiersdûken rûnom yn Fryslân hawwe dit jier folle mear dielnimmers as oars. Dat komt mooglik troch it waarme waar.
Op de Ofslútdyk wie in spesjale nijjiersdûk. Minsken koene by Koarnwertersân oan beide kanten fan de dyk it wetter yn. It evenemint wie organisearre troch de Waadferiening. De organisaasje wol dêrmei omtinken freegje foar de fiskmigraasjerivier. Boskwachter en telefyzjepersoanlikheid Arjan Postma joech it startskot foar de nijjiersdûk. Hy is ambassadeur fan de fisktrochlit yn de Ofslútdyk.