Boargemaster nei Ternaard nei protest oer karbidplak

01 jan 2016 - 10:46

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel wol yn petear mei de jongerein yn Ternaard oer it plak om mei karbid te sjitten. De boargemaster hie de jongerein ferbean om dat op it fêste plak op de hoeke by de winkel te dwaan. Dat is net feilich, neffens Waanders. Hoewol't der wol ideeën wiene oer in nij plak, waard dêr gjin ûntheffing foar oanfrege.

Doe't de jongerein op âldjiersdei mei in brantsje protestearre tsjin it beslút fan de boargemaster, hat Waanders mei de brânwacht persoanlik yn Ternaard del west.

De boargemaster hat de jongerein oproppen kontakt te sykjen mei it gemeentehûs om mei-elkoar ta in oplossing te kommen. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Waanders hie it fierder net botte drok. De fiering fan âld en nij is yn Dongeradiel rêstich ferrûn. Dat komt neffens Waanders omdat der yn it foar in soad oerlis is mei de doarpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)