Appartemint útbaarnd, boppelizzende wente hat skea
In appartemint oan de Merelstrjitte yn Ljouwert is nijjiersmoarn betiid sa't it no liket útbaarnd. It appartemint dêrboppe hat reek- en wetterskea oprûn. In omwenner warskôge de brânwacht dy't mei in heechwurker en in tankautospuit de brân bestried. Yn beide wenten wiene gjin minsken oanwêzich.