Tal fjoerwurkslachtoffers liket dit jier ta te fallen

01 jan 2016 - 08:33

It liket dit jier ta te fallen mei it tal fjoerwurkslachtoffers yn Fryslân. By sikehûs MCL yn Ljouwert melden harren trije minsken, twa mei eachletsel en ien mei ferwûnings oan it gesicht troch fjoerwurk. Ferline jier kamen dêr noch njoggen minsken.

It Antoniussikehûs yn Snits moast fjouwer pasjinten mei fjoerwurkferwûnings helpe en krige dêrneist noch twa oare pasjinten oer de flier. It sikehûs lit witte dat der gjin minsken mei alkoholproblemen har meld hawwe.

Yn it Tsjongerskânssikehûs op It Hearrenfean moasten se twa minsken helpe dy't tefolle dronken hiene. Dêr melden harren dêr gjin fjoerwurkslachtoffers. Wol krigen se dêr tusken fjouwer oere middeis en tsien oere jûns fjouwer bern fan tusken de 9 en 13 jier te behanneljen dy't eachletsel oprûn hienen troch fjoerwurk.

By sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten foel it tal minsken dat holpen wurde moast fanwege fjoerwurkletsel ek ta. It giet om fjouwer. Opfallend wie wol it tal minsken dat dêr binnenbrocht waard omdat se problemen hienen troch alkohol. Dat wiene mar leafst fjirtjin.

De earste help yn Dokkum en Harns wienen net iepen op âldjiersnacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)