Frou út Amsterdam mishannele yn Drachten

01 jan 2016 - 08:17

In frou fan 64 út Amsterdam is yn de nacht fan âld en nij yn Drachten mishannele. Wêrom is noch net dúdlik. De plysje tinkt al wol de dieders oanhâlden te hawwen, it giet om twa jonges fan 17 en 18 jier út Drachten.

De frou is nei it sikehûs brocht. Hoe slim oft se der krekt oan ta is, is net bekend. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de mishanneling. De frou wie yn Drachten op besite by har soan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)