Drokke âldjiersjûn en -nacht foar brânwacht

01 jan 2016 - 00:19

De brânwacht hat it drok hân yn de lêste oeren fan 2015 en de earste oeren fan 2016. Der binne foaral in soad bûtenbrannen wêrby't tûken of bygelyks in caravan yn de brân stutsen waarden.

Yn Drachtsterkompenije baarnde in auto út en yn Noardburgum moast brân yn in skuorre útmakke wurde. Ek binne der in soad kontenerbrannen. De earste ynskatting is dat it drokker is as ferline jier. Earder op dizze âldjiersjûn moast de brânwacht útride foar in brân yn in wente oan de Harlingerwei yn Frjentsjer en in skoarstienbrân op It Hearrenfean.

Op in inkele ynsidinten nei waard de brânwacht net hindere by it bluswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)