Rekôrtal dielnimmers foar oaljekoekloop De Gordyk

31 des 2015 - 20:16

De jierlikse oaljekoekloop op De Gordyk hat tongersdei in rekôrtal dielnimmers lutsen. Uteinlik kamen 1560 minsken oan de start fan de 11e edysje. Der koe rûn wurde oer in ôfstân fan 4 myl (6,4 kilometer) en 10 kilometer. Foar de bern wie der in 'kidsrun'.

Underweis wiene der twa ynsidinten. Ien dielnimster wie net fit oan de loop begongen en waard ûnderweis net goed. In twadde dielnimster hie hertproblemen. Dêrby waard ek in traumahelikopter ynsetten, mar úteinlik foel it ta.

In diel fan de opbringst fan de oaljekoekloop op De Gordyk giet nei in goed doel. Nei alle gedachten inkele hûnderten euro's gean dit jier nei it swimbad De Delte op De Gordyk.

Trefwurden: 
oaljekoekloop De Gordyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)