Omrop Fryslân krijt rekôrtal foto's binnen

31 des 2015 - 17:50

Der is dit jier in rekôroantal foto's ynstjoerd by de útstjoering fan de Fryske Top 100. Om ûngefear 16.30 oere stie de teller fier boppe de 3000, it oantal foto's dat ferline jier ûngefear binnenkaam. Eins leit it oantal foto's noch heger, want de redaksje moat fanwege de drokte in seleksje meitsje yn de foto's dy't toand wurde op de televyzje.

In protte harkers en sjoggers meitsje dit jier gebrûk fan de mooglikheid om foto's mei de whatsapp te stjoeren. De whatsapp is toch al populêr: de omrop hat tûzenen berjochten binnenkrigen.

Trefwurden: 
Fryske Top 100 foto's rekôr
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)