Omrop TIP: Missy fan sindingspredikant Van Slageren slagge?

Hoe tinkt de westerske minsk de problemen fan earmoede en ûnfeiligens yn de wrâld op te lossen. Dat is de fraach dy’t sintraal stiet yn ‘Missy Slagge?’: in dokumintêre fan Anne van Slageren oer it sindingswurk fan syn heit yn Kameroen.
De Fryske sindingspredikant Jaap van Slageren gie yn 1963 mei syn frou Tinie Oost en soan Anne nei it krekt ûnôfhinklike Afrikaanske lân Kameroen. De famylje, dêr’t twa jier letter dochter Krista by kaam, bleau der tsien jier. As ‘rike’ blanke bern groeiden Anne en Krista op yn it fermidden fan swarte minsken. Missy Slagge? fertelt it ferhaal fan it gesin, it wurk fan heit en de waarme bân dy’t sy ûnderholden mei harren betsjinner Jean Martin.
Jaap van Slageren fûn út dat al in protte misjonarissen him foargien wiene en dat it kristendom net allinnich troch blanken nei Kameroen brocht wie. Hy skreau dêr in bekend wurden boek oer. Syn frou Tinie skreau ek. Alle wiken stjoerde sy in brief nei famylje yn Fryslân oer it lân dat yn it begjin sa fier fan har ôf like te stean. Doe’t yn 1989 bliken die dat se ûngenêslik siik wie, ferwurke se de brieven ta in deiboek. No goed fyftich jier letter reizget Anne, histoarikus en filmmakker, mei syn heit en sus nochris werom nei Kameroen. Mei de fraach: wat hat de betsjutting west fan harren ferbliuw dêr? Foar de minsken yn Kameroen en foar harsels.
De dokumintêre 'Missy Slagge?' is dizze en nije wike sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it earste diel no al hjirûnder.