Omrop TIP: Fryslân al 26 jier sûnder Frysk Orkest

31 des 2015 - 13:36

Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante besteegje yn jannewaris mienskiplik omtinken oan it ferdwinen fan it Frysk orkest. Yn 1989 gong dat orkest mei it Noordelijk Filharmonisch Orkest fan Grins op yn it Noord Nederlands Orkest. Dêrby rûnen de emoasjes destiids heech op, ûnder oare omdat it Frysk Orkest mei help fan in grutte ynsammelingsaksje ûnder de Fryske befolking útgroeid wie ta in profesjoneel orkest.

De Ljouwerter Krante komt takom moanne mei in oantal artikels. Omrop Fryslân jout omtinken yn Buro de Vries en Fryslân Dok.

De earste ôflevering fan Buro de Vries is kommende snein. Dan in petear mei altfioelist Leendert van der Zeep. Hy sjocht werom op syn oergong fan it Frysk Orkest nei it NNO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)