Aldjiersploech Easterein striidt foar glêstried

31 des 2015 - 11:26

Easterein wol glêstried. De âldjiersploech fan Easterein hat by kafee Bergsma in grut boerd delsetten mei de oprop oan de provinsje om glêstried yn Easterein oan te lizzen.

De tekst fan de âldjiersploech is: "It ynternet is al jierren tige traach yn Easterein. Dêrom hawwe wy fannacht alfêst glêsfezel oanlein". De oare tekst is wat poëtysker: "Porno downloade duorret by ús in ieuwichheid, dêrom moatte wy glêsfezel hawwe foar mear snelheid!"

De âldjiersploech organisearret nachts om 01.00 oere ek noch de jierlikse fjoerwurkshow op de brêge, midden yn Easterein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)