Frou út Parregea oanriden troch fytser

31 des 2015 - 11:00

In 51-jierrige ynwenster fan Parregea is woansdeitejûn oanriden op de Trekwei by har wenplak. De frou rûn yn in reflektearjend fest oan de kant fan de dyk mei har hûn. In 58-jierrige man út Warkum fytste har op syn elektryske fyts achterop en ried har oan. Hy ferklearre dat er de frou te let sjoen hie. It slachtoffer is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs fan Snits brocht.

Trefwurden: 
oanriding Trekwei Parregea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)