Brommerrider foar njoggende kear betrape sûnder rydbewiis
De plysje hat woansdeitenacht in 22-jierrige brommerrider út Ljouwert betrape. Hy ried op de Albadastins, mar hie gjin jildich rydbewiis. Omdat soks al foar de njoggende kear wie, hat de plysje de brommer yn beslach nommen.