Brânwacht oproppen foar brân yn in tún yn Dronryp

30 des 2015 - 21:53

De brânwacht fan Menaam is woansdeitejûn útriden foar in brân yn de achtertún yn Dronryp. In konifearehage wie yn de brân flein. De flammen stienen meters heech, mar it slagge de man sels om de brân út te meitsjen.

Syn frou belle de brânwacht ôf, mar dy wienen al sa tichteby dat se der dochs hinne gongen. Se ha de hage wiet spuite. It is net bekend hoe't de hage yn de brân fleane koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)