Wurknimmers fallite bedriuwen negearje ynformaasjegearkomste

30 des 2015 - 21:32

De ûnrêst by personiel fan V&D, drogisterij DA en skuonwinkels Scapino en Dolcis is grut, seit fakbûn CNV. Dêrom wie der woansdeitejûn by it regiokantoar yn Drachten in ynformaasjegearkomste. Foar de wurknimmers fan de winkels dy't fallyt binne, mooglik fallyt geane of oernommen binne. Mar foar dizze gearkomste wie gjin belangstelling, der kaam net ien op ôf.

It CNV sil no besykje har leden op in oare wize te benaderjen, want it fakbûn krijt wol in soad fragen.

Trefwurden: 
CNV ûnrêst personiel V&D DA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)