Plysje warskôget: Stek noch gjin fjoerwurk ôf

30 des 2015 - 20:27

De plysje warskôget dat it noch net tastien is om fjoerwurk ôf te stekke. Woansdei waard der yn Ljouwert al in boete útdield foar it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk. Pas op âldjiersdei fan 18.00 oere ôf is it tastien it guod de loft yn te knallen, oant 02.00 oere yn de nacht.

De boete foar it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk is 100 euro. Foar bern tusken de 12 en 16 jier jildt de helte fan dit bedrach.

Trefwurden: 
plysje fjoerwurk ôfstekke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)