Aldhoarne hâldt de tradysje fan it Thomaslieden yn eare

30 des 2015 - 17:10

Woansdeitemiddei gongen de dielnimmers de âlde striid wer oan by it Thomaslieden yn Aldhoarne. Dit âlde gebrûk wurdt noch op twa plakken yn Fryslân yn eare hâlden: yn Ketlik en Aldhoarne. Eartiids waarden de klokken let om de boaze geasten fuort te jeien. Mar de âlde tradysje stiet al langer ûnder druk. Hieltyd minder jongeren dogge noch muoite de technyk fan it kloklieden te learen en sa soe de lûdstechnyk ferlern gean.

De opset fan de wedstriid is no feroare en it liket der op dat it fertuten docht. Der dogge dit jier tolve pearen mei, wêrûnder in grut tal jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)