Gaseksploazje is oarsaak fan ûntploffing yn Drachten

30 des 2015 - 16:37

De ûntploffing yn de flat yn Drachten ôfrûne snein is feroarsake troch in ierdgaseksploazje. Dy wie yn it appartemint fan de 46-jierrige bewenner dy't ferwûne rekke by de klap. Hoe't de eksploazje krekt ûntstien is, is noch net dúdlik.

De plysje hat noch wol even tiid nedich foar it ûndersyk, op koarte termyn is gjin dúdlikheid te ferwachtsjen. Wol is it ûndersyksgebiet woansdei frijjûn. It slachtoffer moat noch in neiere ferklearring jaan.

Ynstoartingsgefaar

It is op dit stuit noch net dúdlik oft alle bewenners noch wol werom kinne om harren guod op te heljen. Der is noch hieltyd sprake fan ynstoartingsgefaar by de seis lossteande apparteminten njonken it ynstoarten diel fan de flat. It terrein bliuwt ôfset.

Guod ophelje

Bewenners fan it blok oan de Noordkade kinne op âldjiersdei wol even it hûs yn om guod te heljen. Dat sil ûnder begelieding wêze fan meiwurkers fan de gemeente en de wenningbouferiening.

Eksploazje

Ofrûne snein wie der in eksploazje yn ien fan de apparteminten yn de flat, wêrnei't in diel fan it gebou ynstoarte. Dêrby rekke ien persoan ferwûne, en 45 minsken waarden dakleas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)